Twa bern ferwûne nei botsing by Hijum

27 aug 2016 - 10:12

By in ûngelok op de N357 by Hijum binne sneontemoarn twa bern ferwûne rekke. Op de Bredyk kamen twa auto's mei-inoar in botsing. De helptsjinsten wienen gau te plak en de twa bern binne op it plak fan it ûngelok behannele troch it personiel fan de ambulânse.

It is noch net bekend hoe't it ûngelok krekt barre koe. De dyk is yntusken wer frijjûn.

Trefwurden: 
N357 Hijum ûngelok
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)