Kollum: ''Feest''

27 aug 2016 - 08:54

Eelke Lok fan De Gaastmar wurke 40 jier foar Omrop Fryslân en waard ûnder oaren bekend troch it politike praatprogramma ‘It Wapen fan Fryslân’ op de radio en ‘Gewest Fryslân’ op televyzje. Al jierren fersoarget hy kollums op de radio. De kollums fan Eelke kinne oeral oer gean: Fryslân, sport, polityk, kultuer of wat him ek mar opfallen is. Al syn kollums binne te finen op syn side Eelke’s Weblok.

''Je kin gjin bettere kombinaasje betinke. Moai waar en Fryslân de kommende twa wike proppefol mei eveneminten. Tongersdeitejûn de gondels yn Balk, justerjûn yn Aldeboarn. Jorwert spile al. Grutte Pier is ek los. Rûnom moaie konserten. Oeral is it feest. De fiskerijdagen bin yn Harns, de mânske tinte en de sweef stean klear yn Blauhûs. En sy bin net allinnich, it is ommers ein augustus. Dan wie âld keninginne Wilhelmina altyd jierdei. Eartiids fierden we dat om dy tiid hinne.

De alâlde oranjeferieningen bin bestean bleaun en organisearre no oeral doarpsfeesten. Flachjes, keatse, sûpe. En we ha festivals fansels. Shanty’s yn de Jouwer, Swinging yn Snits, City Jazz, en as je sjen wolle wer’t je fan de winter feest ha wolle, dan kin je nei it UIT festival yn Ljouwert. En fansels  Glemmer Beach foar de gewoane muzyk en it spesjaal yn it gehoar lizzende  Psy Fi Holographic Universal 2016. Koartsein. Alleppo kin ús even gjin hout mear skele. We ha feest. Lûk de taap iepen. 

Mar feesten rinne hiel somtiden net goed ôf. It is dochs wol hiel navrant dat boargemaster Sluiter bij it iepenjen fan de fiskerijdagen yn Harns warskôgje moat. Dat as se elkoar tsjin de holle slaan, dat se it net te hurd dwaan moatte. En net te folle sûpe. Drink earst in friske, sei hy. Holle fraze. Ja, hy moat dat miskien wol sizze, mar it jout gjin soademiter. Want wy soargje der mei syn allen foar dat de hoareka  de aldermeaste wille belibbet mei de feesten, seker as it waar lykas no is.

Feeste is tsjinwurdich ek festivalle. Ik ha my dealake om dat Psy Fi festival yn de Griene Stjêr by Ljouwert. Wat in drokte foarôf. De Ljouwert Krante hat blykber in redakteur dy’t der graach wat omhingje mei. Dy skreau al wiken oer wat der allegearre barre soe.  Want dat Psy Fi wie ferline jier it mikpunt fan in hiele kwak klachten. De muzyk skynt dêr lûder te wêzen as de oerlêst fan de fleanbasis. En it sit dochs de oare kant fan Ljouwert. Mar moat jim heare: al dy lju komme nei dat festival yn de auto. En dy kin net allegearre yn de Griene Stjêr stean. Dus ha se in parkearterrein iepene by it WTC.

Dy festivallju moat hiel Ljouwert troch. Mar wat blykt: dat fyn se wol moai. Want yn Ljouwert bin coffeeshops, dan kin se noch moai oeral wat drugs ynkeapje. Dat klinkt frjemd. Boargemaster Ferd Crone slute fan 'e wike twa fan dy drugsferkeaphûzen. Dy foldiene net oan syn kritearia. No wit ik wol dat Crone in man is dy’t dat drugsspul hielendal fan de oerheid út regelje wol, ik ha begrepen dat yn syn tún de earste hennepplanten al steane. En dan dochs twa drugshûzen sluten. Mar wat blykt, as sa’n Psy Fi festival yn Ljouwert komt, dan binne de drugsferkeapers ynienen itselde as bierferkeapers. Sterker, der komt sels ien gewoan op dat festivalterrein te stean. Dy ferkeapet dêr drugs. No sil dy fansels ûnder strang tasicht stean, mar dochs. En de gasten komme der as hommels op ôf. Elke gram wurdt neffens de LC meinaam en dus ek ynnaam, want oars is it te djoer. Harren wize fan feestfieren.

No sjocht net elk der sa tsjin oan, bier sûpe bêst op it doarpsfeest, mar drugs? En je dan sa klaaie? En sokke lûde muzyk? De measte klachten oer dat lûd kamen ferline jier fan de gemeente Tytjerksteradiel út. In stille rêstige gemeente dy’t opskrille waard doe’t de earste toanen fan Psy Fi oer Fryslân útstoarten waarden. Dit jier bouden se de poadia lykwols wer op en wat blike doe’t in Burgumer der fan 'e wike lâns fytste: al dy poadia stiennen no rjochting Tytjerksteradiel. Dat stille rêstige Tytjerksteradiel. Mar dat twa Ljouwerter wethâlders, Feitsma en Diks, dêrfoar ekskuzen oanbiede. Ekskuzen. Dus se witte al dat it misrinne sil. En it slimste: se kin der neat mear oan dwaan, immen hat in ferkeard kaartsje brûkt. No dy immen bestiet net. Net ien hat neitocht.

Mar it let neat jonges en famkes. It is feest yn Fryslân We krije in skitterjend wykein. Mei té folle bier, té folle drugs en té lûde muzyk. Wat wolle we noch mear.''

Trefwurden: 
De Toan fan Eelke Lok
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)