Byldbepalende monuminten Sleat yn de skynwerpers set

Tsien byldbepalende monuminten yn Sleat stean sûnt koart yn de skynwerpers. By nacht wurde de monuminten útljochte. It giet om de Wâldseinderpoarte, Lemsterpoarte, Boogbrêge, roomsk-katolike tsjerke, Heilige Fredericus, Museum Stedhûs Sleat, herfoarme tsjerke, konsistoarje, mûne De Kaai en it kanon lâns de rûnwei.
Der is yn totaal trije jier wurke oan it projekt 'Sloten Uitgelicht' en it hat 200.000 euro koste. "De kultuur-histoaryske wearde fan de stêd Sleat wurdt troch de ferljochting ekstra ûnderstreke", sei Menno Knot fan de stichting Vrienden van Sloten.