SC Cambuur ferliest by Helmond Sport

26 aug 2016 - 21:55

Sportklup Cambuur hat freedtejûn de útwedstriid tsjin Helmond Sport mei 1-0 ferlern. It wie net in wedstriid fan heech nivo. De spilers hiene it dreech en in protte ballen kamen hjirtroch net goed oan.

Cambuur kaam yn de 35e minút op efterstân troch in doelpunt fan Höcher. Troch de efterstân rekken de spilers frustrearre en dat wie net goed foar it spul fan it team. Yn de einfaze krigen Barto, N'Toko en Hemmen enoarme kânsen, mar de bal waard fan de line helle. De 1-0 bleau dêrtroch de teloarstellende einstân.

Troch it ferlies bliuwt SC Cambuur stean op fiif punten út fiif wedstriden en sakke se nei it 13e plak. De folgjende wedstriid is op freed 9 septimber thús tsjin Almere City.

Trefwurden: 
fuotbal SC Cambuur
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)