KNMI warskôget: Sneon wurdt hyt mei flinke tongerbuien

© Omrop Fryslân
It KNMI warskôget ek sneon foar hyt waar en flinke tongerbuien. Koade giel bliuwt dan ek foar it hiele lân stean. Dat makke it waarynstitút freedtejûn bekend.
Koade giel is fan krêft fanwegen in langere perioade mei maksimumtemperatueren fan boppe de 27 graden. De tongerbuien wurde sneon letter op de middei ferwachte. Yn dizze buien is der kâns op hagel, swiere wynstjitten en in protte delslach.
It hichtepunt wurdt tusken 18:00 oere jûns en 3:00 oere nachts ferwachte. Ek it nasjonaal hjitteplan fan it RIVM bliuwt foarearst fan krêft.
Ek Piet Paulusma warskôget foar ynstabyl waar mei kâns op stevige tongerbuien yn de jûn en nacht.