File op diken nei Glemmer Beach

File op de wegen nei Glemmer Beach © Omrop Fryslân, Timo Jepkema
It ferkear op de A6 moat by De Lemmer rekken hâlde mei mooglike filefoarming. Dit hat te krijen mei it festival Glemmer Beach dat freedtejûn hâlden wurdt. De Verkeersinformatiedienst meldt op Twitter dat de diken yn de rjochting fan it festival folslein fol binne.
Op Glemmer Beach trede freedtejûn ûnder oaren Marco Borsato en De Kast op. It festival duorret freedtenacht oant 1:00 oere. Ek sneon binne der noch optredens. Dan fan Miss Montreal en Di-rect.