Ternaard ferdield oer gasplannen NAM

Boppe Ternaard leit mooglik in gasfjild dat Fryslân sa'n tsien jier fan gas foarsjen kin. Dy ynskatting makket de NAM op basis fan proefboarringen en kaartmateriaal út 1991.
Meikoarten sil de NAM besykje de nedige fergunningen te krijen om it fjild op 'e nij oan te boarjen. Undersyk mei nije techniken hat útwiisd dat de kâns grut is dat it fjild dochs noch yn produksje komme kin.
Ferdielde reaksjes
Yn gearwurking mei doarpsbelang stie de NAM freed mei in ynformaasjetruck yn it doarp. De reaksjes út it doarp binne bot ferdield en ek yn it bestjoer fan doarpsbelang wurdt der ferskillend oer tocht.
As foar de NAM alles neffens plan rint, soe it fjild yn 2018 yn produksje komme kinne.