Stefan Boersma: "In medalje sit der wol yn"

Fryslân hat mar leafst njoggen sporters, dy't nei de Paralympyske Spelen yn Rio de Janeiro tagean. Alle dagen stelle wy ien fan dizze topsporters oan jo foar.
“As wy gewoan gewoan dogge, dan kinne we in medalje helje.” Stefan Boersma is ien fan de twa Friezen yn de seleksje fan it CP fuotbalteam. Stefan is keeper, mar spitigernôch wol reservekeeper. “Mar ik hoopje wol wat minuten te meitsjen.”
Ek it Nederlânske team hat der mei te krijen: in konkurrint minder. Ruslân docht nammentlik hielendal net mei oan de Paralympyske Spelen. “Brazilië, Oekraïne en Ruslân binne eins ús grutste konkurrinten. Dus dat skeelt wol.” Nederlân spilet yn in pûl fan fjouwer en de bêste twa gean nei de heale finale. “Dan binne we wol hiel tichtby in medalje, dus dan kin it ek samar.”
De C en P fan CP fuotbal betsjut Cerebrale Parese. In Latynsk wurd foar harsenbeheining of ferlamming. By Stefan sjochst de gefolgen allinnich wat by it rinnen. Foaral as hy wurch is. Fierder is syn motoryk wat minder. “In soad minsken tinke dat je geastlik ek wat mankearre, mar dat is net sa. Ik ha gjin leger IQ of sa.” Do bist wol 100 punten? “No ja, dat wol ik net sizze.”
By it CP fuotbal wurdt yndield yn in ranking fan ien oant en mei acht. Sa mei der mar ien spiler mei in acht yn je team en moat der minimaal ien fan de ranking fiif of seis yn sitte. Sa kin it dus samar wêze dat je bûten de boat falle, omdat je net de goede handicap ha kwa ranking. Fjouwer jier lyn wie Boersma noch tredde keeper. “Doe ha ik sels de reis nei Londen betelle en ha ik as supporter mei west. Sa koe ik dochs noch it Olypmyske gefoel fiele.”
Op fiif wizen ferskilt it CP fuotbal fan it 'gewoane fuotbal:
Kom mar ris by in fuotbalpotsje yn de provinsje en de kâns is frij grut dat je Stefan tsjinkomme. Hy is in echte leafhawwer. Krekt as Jelle ten Rouwelaar komt Stefan ek fan De Jouwer. “Ik ha Jelle ek altyd folge. By syn lêste wedstriid yn Breda ha ik der ek hinne west. Mar as ik de bêste doelman fan de wrâld oanwize moat, dan kies ik foar David De Gea fan Macnester United.
Troch de wike spilet en traint Stefan yn Papendal en yn de wykeinen is wer te finen op de fjilden mei De Jouwer 3. “It nivo is te fergelykjen mei de earstejiers A-junioaren. Dêr traine we ek wol tsjin.” Soe hy, as hy fulltime op it grute fjild meitraine soe, it earste fan De Jouwer helje? “Dat wit ik net. Dat is dreech te fergelykjen.”
It fuotbaltoernoai begjint op 8 septimber, de finale en de striid om brûns binne op 16 septimber.