FIDEO: Jorwert spilet iepenloftspul "Londen ‘68"

Fryslân is de provinsje fan de iepenloftspullen, amateurtoaniel yn de iepen loft. Yn ferskate Fryske doarpen wurkje hûnderten frijwilligers alle jierren wer spikerhurd om de moaiste stikken op de planken te bringen. Net allinne mei folwoeksenen, mar ek bern spylje har eigen iepenloftspul.
Omrop Fryslân jout dit simmerseizoen ekstra omtinken oan de iepenloftspullen dy't kâns meitsje op in Gouden Gurbe. Sneon is yn Jorwert de premjêre fan it stik "Londen ‘68". Hjir alfêst in foarpriuwke.