Plysje fynt himpkwekerij yn wenning fan oppakte Grouster

© Plysje
Yn it hûs fan in 34-jierrige Grouster hat de plysje in himpkwekerij mei trijhûndert planten fûn. De man waard tongersdeitejûn oanhâlden yn Ljouwert, om't er in sjitklear pistoal by him hie. De plysje krige in tip oer de man en seach syn auto yn de Ypeijstrjitte stean. De Grouster sels waard rinnend op de Vegelinstrjitte oantroffen.
De fertochte woe earst útnaaie, mar wurke úteinlik mei by syn oanhâlding. Hy hie syn trochladen pistoal fuortsmiten, de plysjes seagen it lykwols lizzen.
De himpplanten en de apparatuer foar de kwekerij binne ferneatige. De man wurdt ek fertocht fan it riden ûnder ynfloed fan drugs. Hy sit fêst foar fierder ûndersyk.