Pieter Huistra fuort by Grins

10 maaie 2012 - 11:50

FC Grins hat Pieter Huistra per direkt dien jûn. Dat hat de klup tongersdeitemoarn bekend makke. Huistra hat mei Grins in teloarstellend seizoen efter de rêch. De ploech einige op in 14e plak, wylst de doelstelling it heljen fan de play-offs foar Europeesk fuotbal wie.

Tongersdeitemiddei is der om 14.00 oere in parsekonferinsje, dêr't FC Grins in fierdere taljochting jaan sil. Pieter Huistra wie de iennige Fryske haadtrainer yn it betelle fuotbal.

Trefwurden: 
fuotbal Pieter Huistra
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)