Definsje wol oerlêst motorcrossers Marnewaard oanpakke

Motorcrosser © ANP
Definsje wol de oerlêst fan yllegale motorcrossers op it militêre oefenterrein Marnewaard yn it Lauwersmargebiet hurder oanpakke. Dat skriuwt RTV Noord. De crossers soargje neffens Definsje foar gefaar foar kuierders en fytsers en ferniele de natuer.
Ek militêren dy't yn it gebiet oefenje, rinne it risiko oanriden te wurden troch in motor of quad. Der is wol ekstra tafersjoch, mar de fertochten moatte op 'e died trappearre wurde en dat makket it dreech om harren oan te pakken.
Troch de regels oan te passen moat it makliker wurde om de oerlêst oan te pakken en de crossers swierder te straffen.