Frou dumpt smoargens yn bosk

10 maaie 2012 - 11:49

De plysje hat woansdei yn it boskje oan de Kapelle by Rinsumageast in frou trapearre dy't in kroade hússmoargens dumpe soe. Omdat der geregeld smoargens yn it bosk delgoaid wurdt en jongerein it bosk as hingplak brûkt, kontrolearre de plysje ekstra. Yn it bosk waarden trije grutte brânplakken fûn en in soad smoargens en túnôffal. Omwenners hawwe dêrom folders troch de doar krigen mei de oprop gjin ôffal yn it boskje te dumpen.

De frou dy't betrape waard, hat in warskôging krigen en moast har smoargens wer mei nei hûs nimme.

De plysje sil de kommende tiid mear kontrolearje yn de omjouwing fan it boskje.

Trefwurden: 
smoargens dump
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)