Jeugdbiblioteek Camminghabuorren slút doarren

25 aug 2016 - 20:40

De jeugdbiblioteek yn de Ljouwerter wyk Camminghabuorren is sletten. It is dêrmei de earste fan in groep biblioteken dy't ticht giet. Letter hâlde dy fan Aldlân en Bilgaard der ek mei op. Yn Camminghabuorren sil de biblioteek yn gearwurking mei trije basisskoallen in nij oanbod opbouwe, sadat basisskoalbern op harren skoalle boeken krije kinne.

Nei 25 augustus kinne leden fan de jeugdbyb telâne yn de oare fêstigings fan de stêd. De biblioteekpas fan Camminghabuorren is wol te brûken op de oare lokaasjes yn Ljouwert, ynklusyf de nije moderne biblioteek dy't yn de Blokhúspoarte komt. De boeken fan Camminghabuorren kinne ek op de oare plakken ynlevere wurde.

Trefwurden: 
bernebiblioteek Ljouwert
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)