Bernlef: Wy steane hjir hiel kultureel ús pilske te drinken

It is allegearre noch wat dizich. Dat seit foarsitter Frans Ozinga fan Bernlef yn reaksje op it nijs dat it studintelibben no offisjeel erkend is as belangryk ûnderdiel fan de Nederlânske kultuer. It ferieningslibben hat in plakje krigen op de saneamde Nationale Inventaris Immaterieel Cultureel Erfgoed. It Sinteklazefeest stiet bygelyks ek op dy list, krekt as Keningsdei en it fjoerwurk op Aldjiersjûn.
Betsjutting is ûndúdlik
Ozinga fynt it wol moai dat it studintelibben by it erfguod komt te hearren. "Wy steane hjir fan hjoed ôf hiel kultureel ús pilske te drinken," seit er. Mar wat it allegearre krekt betsjut, dat is net hielendal dúdlik. "Yn de media giet it oer 'de studintekultuer', mar wat is dat eins? Guon ha it dan oer ûntgriening, en net mei de rêch tsjin de bar, mar sokke mores ha wy hjir net."
Bernlef hat fansels wol in tal tradysjes. "Om tolve oere sjonge we hjir mei-inoar it Frysk Folksliet. Dat is ien fan de moaiste tradysjes fan Grins."