14 auto's yn beslach nommen

Plysje © ANP XTRA
By kontrôles op de A32 by Hearrenfean-Súd en de A7 by Aldehaske hat de plysje woansdei 14 auto's yn beslach naam. De eigeners hiene noch boetes of belestingskuld iepenstean. Oan de kontrôle diene ek it KLPD en de belestingtsjinst mei. Oan de hân fan de kentekens fan alle auto's waard sjoen as ien noch skuld hie. Tweintich bestjoerders betellen fuortendalik goed 21.000 euro, 34 oaren koene net betelje. Meielkoar hiene sy in belestingskuld fan goed 400.000 euro.
14 fan har moasten de auto ynleverje, de oaren krigen de kâns om harren skulden op koarte termyn ôf te beteljen. Dogge se dat net, dan binne se har auto dochs noch kwyt.