Waarmterekôr yn Ljouwert

© Omrop Fryslân
Yn Ljouwert is tongersdei in nij waarmterekôr helle. It âlde rekôr stie op 29,9 graden en waard yn 1976 berikt. Tongersdei waard it yn Ljouwert noch krekt wat waarmer, de termometer helle de 30 graden. Freed wurdt it troch in noardwestewyn even wat minder waarm, mar dit wykein giet de temperatuer wer omheech.
Nasjonale hjitteplan
It nasjonale hjitteplan bliuwt nei alle gedachten noch oant en mei dit wykein aktyf. Dat hat it RIVM bekend makke. De warskôgingskoade giel fan it KNMI bliuwt sa lang ek stean. Nettsjinsteande de waarmte liket it yn Fryslân ta te fallen mei de smog. Neffens it RIVM binne it benammen de súdlike provinsjes dy't lêst hawwe fan fersmoarge lucht dy't hingjen bliuwt.