Friezen leverje 147 messen yn

10 maaie 2012 - 10:35

Yn Fryslân binne sûnt 1 maaie 147 stekwapens by de plysje ynlevere. Dêrmei is de plysje dik tefreden. Minsken koene anonym harren messen of stiletto's yn in kontainer by it plysjeburo deponaere. Sûnt 1 maaie binne dizze wapens ferbean. It is ek ferbean de messen thús te hawwen. In boete kin oprinne oant 350 euro. De hannel yn dizze wapens mei ek net mear.

De measte messen (30) binne yn Dokkum ynlevere. De plysje tinkt dat it giet om in kolleksje fan in slachter.

Trefwurden: 
messen stiletto's ynleverje
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)