EK-festival giet dochs troch

© Omrop Fryslân
It EK-festival dat op 9 juny hâlden wurde soe op de parkearterreinen by diskoteek Quatrebras yn Noardburgum, giet gewoan troch. It sil no wêze yn De Westereen by it Sportpark oan de Sportloane. De fuotbalwedstriid tusken Nederlân en Denemarken is fan seis oere ôf te sjen yn in feesttinte. Letter op de jûn trede der allegear artysten op, lykas de 3J's, Thomas Berge en Mooi Wark.
It EK-festival soe earder hâlden wurde by Quatrebras. Dat gie oer fanwege it fallisemint fan eigener Beintema fan de diskoteek