Bouwmeester sakket fuort op WK

10 maaie 2012 - 09:34

Roelof Bouwmeester fan Warten hat de earste slach mei syn Olympyske konkurrint Rutger van Schaardenburg ferlern. Mei noch ien dei te gean op it WK Laser is it ferskil tusken beide manlju oprûn ta 51 punten. .

Bouwmeester sakke woansdei nei it 23-ste plak, wylst Van Schaardenburg nei tolve races op it tsiende plak stiet. Sawol Bouwmeester as Van Schaardenburg binne yn it besit fan in Olympyske nominaasje. De resultaten fan it WK en de Delta Lloyd Regatta yn Medemblik ein maaie bepale wa't der nei Londen ta giet.

Trefwurden: 
silen Roelof Bouwmeester
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)