Tuinenga, Visser en Scheepstra winne 40ste Frouljus PC

It partoer fan Ilse Tuinenga, Sjoukje Visser en Manon Scheepstra hat woansdei de 40ste edysje fan de Frouljus PC wûn. Yn in waarme en iensidige finale yn Weidum waard mei 5-0 en 6-0 ôfrekkene mei it partoer fan Wiljo Sijbrandij, Sandra Hofstra en Louise Krol. Ilse Tuinenga waard útroppen ta Keninginne.
Op it tredde plak einigen Rianne Vellinga, Maaike Osinga en Harmke Siegersma. Sy koenen it mei 5-1 en 6-6 net oprêde tsjin Tuinenga-en-dy. Sijbrandij, Hofstra en Krol krigen in steand nûmer en koenen nei twa wedstriden direkt troch nei de finale.
Ferrassing
Ien fan de favoriten foar de einoerwinning, it partoer fan Anne Monfils, Nynke Sijbrandij en Marrit Zeinstra, waard yn de earste wedstriid al útskeakele troch de ferliezend finalisten.