Kabinet moat bertesoarch rêde

09 maaie 2012 - 22:39

It kabinet moat him der foar ynsette om de bertesoarch yn sikehûs de Sionsberg yn Dokkum te behâlden. Dat wol de SP yn de Twadde Keamer. Neffens de partij is it it safolste foarbyld fan in sikehûs dat ferloskundige soarch skrast.

De SP fynt it te gek foar wurden dat it gebeurt no't krekt út ûndersyk bliken docht dat konsintraasje fan bertesoarch liedt ta hegere stjerte ûnder lytse poppen. De minisiter hat neffens de SP ek sein dat fierdere ôfbraak fan de ferloskundige soarch net wêze moat.

Trefwurden: 
SP kabinet De Sionsberg
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)