Grinzer wint Frysk Diktee wer

André Looijenga fan Grins is de winner wurden fan it Grut Frysk Diktee 2012. Hy hie fjouwer flaters. Twa jier lyn wie Looijenga ek de winner.
It diktee wie dit jier skreaun troch kabaretier Rients Gratama. Hij lies it sels ek foar. Oan it diktee diene tradysjegetrou ek pommeranten mei, lykas foarsitter Wiebe Wieling fan de Alvestêdeferiening en rapper en keunstner Remon de Jong. It waard hâlden yn de steateseal fan it provinsjehûs yn Ljouwert.