Trije manlju oppakt yn Ljouwert foar bedriging

© ANP
De plysje fan Ljouwert hat tiisdeitenacht trije manlju oppakt fanwegen bedriging mei in mes. De bedriging fûn plak op it Ruterskertier yn de stêd. De fertochten naaiden út yn in auto. De plysje hat de auto op de Corellistrjitte oan de kant setten.
De trije manlju, in 29-jierrige ynwenner fan Almelo, in 25-jierrige Ljouwerter en in man (27) sûnder fêst wenplak, binne oppakt.