Kampanje nije bankrekkennûmers

De Nederlandse Bank begjint woansdei mei in foarljochtingskampanje oer de nije bankrekkennûmers dy't deroan komme. Eltsenien krijt oer twa jier in oar en folle langer rekkennûmer. Nederlân giet dan oer op in Europeesk betellingssysteem, sadat oeral yn Europa op deselde wize betelle wurdt.
Dit betsjut in rekkennûmer mei 18 sifers en letters, in IBAN. Omdat dat wol bot wennen is, wurdt no al begûn mei foarljochting. Ek de Friesland Bank docht oan de kampanje mei.
.