Van Gerner yn aksje op EK

Tongersdei komt turnster Céline van Gerner fan turnsintrum Hearrenfean yn aksje op it EK turnjen yn Brussel. Se makket ûnderdiel út fan it Nederlânske team dat him kwalifisearje moat foar de finale op snein. It giet yn Brussel om it heljen fan de lannefinale, mar foar Céline steane ek grutte yndividuele belangen op it spul.
Se hat har mei de turnster Wyomi Masela kwalifisearre foar de Olympyske Spelen yn London, mar der is mar plak foar ien fan beide. De resultaten yn Brussel binne tige wichtich. De spanning tusken de twa turnsters is grut.
Neffes bûnscoach Gerben Wiersma is de sfear yn syn team sa goed dat hy der op rekkenet dat syn team snein yn de finale komt. Yn dat team turnje ek Joy Goedkoop en Lisa Top, beide ek fan Turnsintrum Sportstêd Hearrenfean (TSH).