Cambuur: Dissels foar De Leeuw

09 maaie 2012 - 13:08

Sportklup Cambuur spilet tongersdei tsjin VVV Venlo yn sa goed as deselde opstelling as de lêste wedstriden. Allinnich Melvin de Leeuw is skorst en foar him yn it plak spilet Charles Dissels. Troch blessueres binne Sandor van der Heide en Martijn van der Laan net ynsetber. De rest fan de seleksje is fit.

Dat betsjut dat ek Marco van der Heide, Vincent Weijl en Jasar Takak by de wedstriidseleksje sitte kinne. Cambuur-VVV is in wedstriid út de twadde ronde fan de play-offs. De winner oer twa wedstriden pleatst him foar de finale.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)