CNV protestearret by T'diel

Skjinmakkers en cateringpersoniel fan de gemeente Tytsjerksteradiel reitsje har wurk kwyt, omdat de gemeente it wurk útbesteegje wol oan Caparis. It CNV nimt dat lykwols net en hat in brief stjoerd oan de gemeenteried, mei dêryn de oprop dit plan te kearen.
It fakbûn fynt it wol sosjaal fan de gemeente om minsken mei in achterstân fia Caparis oan wurk te helpen, mar fynt dat de gemeente oars omgean moat mei de meiwurkers fan skjinmakbedriuw Hago. Dy krije no dien, omdat it wurk oars organisearre wurdt. Dat kin net, fynt it fakbûn.