Man smyt mei bier nei plysje

Pepperspray
De plysje hat tiisdeitejûn yn in wenning yn Jirnsum in man (35) oppakt omdat er fertocht wurdt fan swiere mishanneling. Dy plysje wie yn de wente om te sjen hoe't der mei de oanwêzige hûnen en katten omgien wurdt. By de kontrôle woe de plysje de man hearre, mar dy wegere dat
De man goaide in blikje bier nei in plysjeman. Troch pepperspray te brûken koe dy plysje foarkomme dat de man ek noch mei in stik hout nei him goaide. De man is meinaam nei it plysjeburo foar fierder ûndersyk.