Better As-hantekens oanbean

09 maaie 2012 - 10:02

Mei de oanbieding fan mear as 2300 hantekens wol de aksjegroep Better As berikke dat de provinsjale polityk op 'e nij sjocht nei it beslút fan de oanlis fan de Sintrale As. Earder ha provinsjale steaten besletten dat de fjouwerbaansdyk tusken Dokkum en Nyegea der komme moat. De tsjinstanners fine dat de minne ekonomyske tiid èn de krimp, it needsaaklik meitsje om de dyk 'behindiger' oan te lizzen.

In ûnôfhinkelik jurist sil besjen oft it boargerinisjatyf troch de provinsje behannele wurde kin. Ein dizze moanne komt dêr dúdlikheid oer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)