6500 euro foar kajakker

Ljouwerter Bert Kesimaat hat rom 6500 euro byinoar kajakt foar syn sike nicht Noa-Lynn. It famke hat in seldsume enerzystofwikselingssykte dêr't noch gjin medisyn foar is. Kesimaat hat yn syn kajak 400 km fan Maastricht oant Ljouwert ôflein.
De tocht begûn 1 maaie. Tiisdei om fiif oere middeis waard er feestlik ûnthelle troch famylje, kollega's en boargemaster Ferd Crone. Dy oerlange him de sjek fan 6500 euro. It jild giet nei Energy4All. Dizze stifting sammelet jild yn sadat wittenskippers in medisyn foar de sykte ûntwikkelje kinne.