Petear oer betinking Skier

08 maaie 2012 - 19:33

Advokaat Loonstein fan Federatief Joods Nederland wol in petear mei it betinkingskomitee fan Skiermûntseach. De advokaat hat benammen problemen mei it Dútske folksliet dat spile wurdt by de betinking op it eilân. De FJN spande dit jier mei sukses in koart pleit oan tsjin de gemeente Bronckhorst. Dêr waarden by de betinking Dútske soldaten betocht.

Loonstein seit dat hy takom jier programma's fan alle deadebetinkings sammelje sil. As der omtinken bestege wurdt oan Dútsers komt der in oerlis. Ek juridyske stappen wurde net útsletten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)