FNP:Fryslân eigen rekkenkeamer

© Omrop Fryslân
Fryslân kin sa'n 75.000 euro yn it jier besparje mei in eigen Fryske rekkenkeamer. Dat stelt de steatefraksje fan de FNP yn in reaksje op in ûndersyk fan it Ryk nei de rekkenkeamers yn Nederlân. Ut dit ûndersyk docht bliken dat de Noardlike rekkenkeamer mei in budzjet fan sa'n 752.000 euro ien fan de djoersten fan it lân is.
De FNP wol dat de Fryske steaten neitinke oer in rekkenkeamer mei in lytser budzjet. De kwaliteit fan de NRK is wol goed, mar de kosten binne te heech, sa fynt de FNP.