NAM boarret nei mear gas

De NAM sil mear waadgas ûnder de Waadsee weihelje. It wie earst de bedoeling dat der 18 miljard kubike meter gas oppompt wurde soe, mar om't der mear gas ûnder it waad liket te sitten wurdt dat no omheech bysteld nei 23 miljard kubike meter.
It ekstra gas levert de Nederlânske skatkist sa'n 500 oant 700 miljoen euro ekstra op. Neffens it ministearje kin de ekstra gaswinning wol boaiemdelgong as gefolch hawwe. Dit bliuwt lykwols wol binnen de grinzen.