Fries rêdt fuotbal Veendam

08 maaie 2012 - 17:58

Projektûntwikkeler Zwanenburg fan It Hearrenfean hat mei in projektûntwikkeler út Stadskanaal it Veendam-stadion kocht. Dat meldt RTV Noord. Fuotbalklup Veendam woe fan it stadion ôf om út de finansjele problemen te kommen. De klup hie foar takom jier in tekoart fan 350.000 euro. Troch de ferkeap fan it stadion is dat no twa ton minder.

De projektûntwikkelers ha it stadion benammen kocht om it gebiet deromhinne ûntwikkelje te kinnen. Doel is om der ûnder oare in nije skoalle te bouwen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)