Dokkum: gjin sikehûsbefallings

08 maaie 2012 - 17:31

Der komt definityf in ein oan de sikehûsbefallings yn Dokkum. Dat is de útkomst fan in petear tusken it bestjoer fan de Sionsberg, de sûnensynspeksje en soarchfersekerder De Friesland. Dat betsjut nei alle gedachten ek de ein foar de thúsbefallings yn de streek, want in frou moat binnen 45 minuten yn it sikehûs wêze kinne.

De Sionsberg hie noch hope dat der yn it sikehûs in bertesintrum komme koe mei gynekologen en ferloskundigen, mar dêr wolle de ynspeksje en De Friesland net oan.

In taakgroep ûndersiket no hoe't it fierder moat mei de kreamsoarch yn Noardeast-Fryslân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)