Negatyf swimadvys: blau-alch oantroffen op swimplakken

Blau-alch © ANP
De provinsje hat in negatyf swimadvys ynsteld foar de Aldegeaster Brekken by Aldegea, Hegemer Mar Heech en Hegemer Mar Yndyk. Op dy plakken is blau-alch oantroffen. Mei buorden wurde swimmers warskôge. Earder stelde de provinsje ek al in negatyf swimadvys yn foar De Lange Hoek by Elahuzen.
Blau-alch feroarsaket ferskate sûnensklachten lykas yrritaasje oan eagen en hûd, pineholle en termklachten.