'In liter fan Piter'
Sjonger Piter Wilkens krijt syn eigen bearenburch, mei de namme 'de liter fan Piter'. Dat is ta gelegenheid fan syn 25-jierrich jubileum as trûbadoer.
It jubileum wurdt ek fierd mei in sammel-cd 'Bêst Genôch'. De cd en de bearenburch wurde tongersdei 10 maaie presintearre yn De Walrus yn Snits.