Glossy oer kroech De Ossekop

08 maaie 2012 - 14:03

De ferneamde Ljouwerter kroech De Ossekop krijt in glossy, omdat er 100 jier bestiet. It blêd ferskynt yn in oplage fan 4000 eksimplaren. De Ossekop is in bysûndere kroech om't yn it 100-jierich bestean eins nea wat oan it ynterieur feroare is. It iennige dat oanpast is, is dat der in frouljus-WC ynkaam is.

De glossy stiet fol mei anekdoates oer de kroech en de famylje Eygelaar, dy't altyd de eigener west hat. Dêrneist steane der foto's yn fan klanten en ferhalen fan Willem Anker en Drs P.

Trefwurden: 
glossy Ossekop Eygelaar
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)