Fangrails wurde oanpast foar motorriders

24 aug 2016 - 14:15

Op in oantal diken yn Fryslân sille de besteande fangrails oanpast wurde foar motorriders. Om foar te kommen dat motorriders slim ferwûne reitsje troch de pealtsjes ûnder de fangrails, wurde der platen foar makke.

It giet om sa'n 30 plakken op provinsjale en lokale diken yn Fryslân. Dit gebeurt op fersyk fan de MAG, de Motorrijders Actie Groep. Dy sil ynkoarten mei amtners fan de provinsje op 'en paad om de gefaarlikste stikken dyk út te sykjen.

De bedoeling is dat de fangrails dit jier noch oanpast wurde. It wurk sil betelle wurde út de wegebelesting. De aksjegroep besiket de maatregels yn hiel Nederlân foarinoar te krijen.

Trefwurden: 
fangrail feilichheid
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)