Seldume stellen bibel nei fyftjin jier werom yn Britsum

In seldsume bibel dy't 15 jier lyn stellen waard út de tsjerke fan Britsum, is wer terjochte. De plysje yn Noard-Hollân kaam de bibel op it spoar by in feiling yn Alkmaar. De man dy't de bibel oanbean hie, hie dizze krigen fan syn ferstoarne heit.
It is net dúdlik wurden hoe't de heit oan it stellen eksimplaar kaam. De bibel is woansdei troch de plysje werombrocht nei de eigener, de stichting Alde Fryske Tsjerken. Dy sil de bibel no in feilich plakje jaan, seit direkteur Jan Kersbergen.
Mooglik wurdt de unike bibel yn de takomst yn it Fries Museum tentoansteld.