Fúzje twa wurkjouwersorganisaasjes yn de soarch

24 aug 2016 - 12:30

Wurkjouwersorganisaasjes yn de soarch Venturaplus yn Fryslân en ZorgpleinNoord yn Grinslân en Drinte fusearje mei yngong fan jannewaris kommend jier. Nei de fúzje ûntstiet in advysorganisaasje foar soarch en wolwêzen, wêrby't 230 organisaasjes oansletten binne.

De bedriuwen stypje en advisearje soarch- en wolwêzensorganiaasjes op it mêd fan arbeidsmerkûntwikkeling, mobiliteit en imago. Venturaplus en ZorgpleinNoord biede op harren websides eltse moanne gemiddeld 500 fakatueres oan yn de soarch.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)