It is drok op de strannen en de Waadeilannen
It moaie waar soarget foar in soad drokte nei de strannen en de Waadeilannen. Rederij Wagenborg set ekstra fearboaten yn nei It Amelân en Skiermûntseach. De kaden foar de fearboaten stiene fan 'e moarn hielendal fol mei deitoeristen. De fearboaten ha lêst fan de lege wetterstân yn de Waadsee. Dêrtroch rinne se fertraging op.