Plysjewurdfierster Pruntel wer by de pinken

24 aug 2016 - 11:59

Plysjewurdfierster Kalina Pruntel seit eltsenien tank foar de waarme reaksjes dy't se krige nei't se tiisdeitejûn net goed waard ûnder in live-útstjoering fan misdiedprogramma Opsporing Verzocht.

Pruntel stie yn de meldkeamer yn Drachten en hie in livepetear mei de studio yn Hilversum doe't se net goed waard en út byld stapte. Se krige in soad reaksjes fan skrokken minsken.

Op Twitter skriuwt Pruntel dat it in ''nare gewaarwording'' wie. Se fynt alle belangstelling foar har sûnens moai, mar seit dat se leaver wol dat alle oandacht no wer nei de saak giet werfoar't se yn de studio stie, in moardsaak op in 82-jierrige man út Winschoten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)