Seekraal groeit ek yn de kas

08 maaie 2012 - 12:00

It Ljouwerter bedriuw Living Foods is der yn slagge om as earste yn Nederlân seekraal yn in kas te kweken. It seizoensprodukt groeide oant no ta inkeld yn kwelders bûtendyks en is in wichtich yngrediïnt yn it bettere restaurantiten.

Om it natoerprodukt yn kassen groeie te litten binne kassen makke dêr't eb en floed yn neimakke is. It hat in jier duorre om de goede ferhâldings foar it systeem te finen. Der is no al grutte belangstelling út it hiele lân foar.

De griente sil wol 20 euro de kilo kostje. Ter Voort ferwachtet oer maksimaal in jier de nije kasgriente op 'e merk te bringen.

Trefwurden: 
Living Foods seekraal kas
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)