Jirpels ûnder lampeljocht

It Fryske bedriuw Living Foods moat der foar soargje dat se yn Finlân folle mear jirpels ferbouwe kinne. Op dit stuit hat Finlân in soad lêst fan jirpelsyktes en dus is der in grut tekoart.
Living Foods is dêrom yn gearwurking mei in Finske universiteit begongen mei jirpelferbou yn in kas. It bysûndere is dat de jirpels groeie ûnder lampejocht. Dat moat om't it gewoane ljocht yn Finlân net geskikt is foar de jirpels yn de kas.
It projekt is foar Living Foods in grutte kâns, want as de proef slagget dan wurdt it systeem mooglik op grutte skaal tapast yn it Skandinavyske lân.