KNRM yn aksje om sinkend syljacht
De rêdingboat fan de KNRM op 'e Lemmer hat tiisdeitemiddei de opfarrenden fan in sinkend syljacht nei de wâl brocht. It jacht kaam tusken Enkhuzen en De Lemmer yn de problemen. In kommersjele helpferliner hat it syljacht boppe wetter hâlden en nei De Lemmer sleept.