Soarch mei tropyske temperatueren

24 aug 2016 - 09:38

De kommende dagen binne der tropyske temperatueren. Dêrom komt waarman Piet Paulusma mei hjittetips. It is neffens Paulusma wichtich om goed te drinken, yn de auto ek genôch wetter mei te nimmen en mei it bûtenwurk de holle en hûd goed te beskermjen. Dêrneist sa folle as mooglik it skaad opsykje en gjin húsbisten yn de auto achterlitte. Om it binnen koel te hâlden, moarns en jûns de ruten iepensette.

Trefwurden: 
waarmte
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)