Apparteminten yn âlde gemeentehûs Wytmarsum

It âlde gemeentehûs fan Wytmarsum © Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
Yn it eardere gemeentehûs yn Wytmarsum komme 17 apparteminten foar de âlderein dy't demintearje en dy't 24 oeren deis soarch nedich ha. It gebou wurdt ferboud en sil letter dit jier iepene wurde. Ein septimber sil soarchorganisaasje September útlis jaan oan it doarp.
Earder dit jier ûntstie in soad opskuor yn Wytmarsum, doe't der plannen wiene foar de opfang fan 200 asylsikers yn it eardere kleaster. Meiwurkers fan it COA soene yn it gemeentehûs komme. De plannen giene net troch nei protesten út it doarp.