Feanster sjit mei luchtbuks

De plysje hat moandeitemiddei in 33-jierrige ynwenner fan It Hearrenfean oppakt. De man wie op de iepenbiere dyk mei in luchtbuks oan it sjitten.
Tsjûgen seagen dat de man op in terrein oan de Stadionwei op It Hearrenfean mei in luchtbuks oan it sjitten wie en warskôgen de plysje. Dy koe de man oanhâlde. Hy hat bekend. It wapen is yn beslach naam en de fertochte hat proses-ferbaal krigen.